Gjin takomst wynmûnen Fryslân

30 maaie 2011 - 12:05

Foar wynenerzjy yn Fryslân is gjin takomst mear. Dat seit it Platfoarm Duorsumens Fryslân, dat twatredde fan de wynmûne-eigners yn Fryslân fertsjintwurdiget. Neffens it platfoarm komt troch it nije koalysjeakkoart fan de provinsje alles op slot te sitten.

De provinsje wol fan de losse wynmûnen ôf en wol se ûnderbringe yn mar twa klusters. Ien by de Ofslútdyk yn de Iselmar en ien by It Hearrenfean. Neffens it platfoarm is dat fierste min.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)