Gjin takomst mear foar VVV

19 maaie 2006 - 10:18

De VVV Friese Meren hat gjin takomst mear en de gearwurking fan de fjouwer VVV's eindigt mooglik sels yn in faillisement. De dielnimmers binne de VVV's fan Snits, De Jouwer-Langwar, Wymbritseradiel en Mid-Fryslân.

De belutsen gemeenten hawwe trije jier jild stutsen yn de organisaasje. Dat wurdt net ferlingd. Fanwege it grutte tekoart is in fallisemint no ien fan de opsjes. Yn twa wike falt it beslút oer de takomst fan VVV Friese Meren.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)