Gjin swier ferkear yn Starum

11 mrt 2009 - 15:35

Swier ferkear wurdt tenei keard út it sintrum fan Starum. B. en W. fan Nijefurd wolle ferkear, swierder as 3,5 ton, net mear tastean yn de Voorstraat. Sa moat oerlêst en skea foarkommen wurde.

De gemeente wol in ynrydferbod oan de súdkant, en ek oan de noardkant, al mei dêr noch wol bestimmingsferkear komme. Oant 21 april kin der beswier makke wurde tsjin it plan. Dêrnei folget in definityf beslút.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)