Gjin supermerk Makkumer rûnwei

18 nov 2011 - 11:06

Oan de súdlike rûnwei yn Makkum meie gjin supermerken komme. Dat fynt it kolleezje fan B & W fan Súdwest-Fryslân. De gemeente hat resint noch twa oanfragen hân, mar it kolleezje is benaud dat de nije winkels tefolle klanten út it sintrum lûke. It effekt soe sa grut wêze dat der winkels yn it sintrum tichtgean. It ekstra oanbod yn de nije supermerken weaget net op tsjin dy negative gefolgen, sa fine B & W.

Op dit stuit hat Makkum ien supermerk, fan Jumbo, oan de râne fan it sintrum. Neffens doarpsbelang soe der benammen simmers wol ferlet wêze fan in ekstra winkel.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)