Gjin supermerk bûten sintrum

20 apr 2012 - 08:16

Der komt definityf gjin supermerk op it Wilhelminaterrein yn Frjentsjer, as it oan in mearderheid yn de riedskommisje fan Frjentsjerteradiel leit. Projektûntwikkelder Agrifirm wol in oantal winkels nei it terrein krekt bûten de binnenstêd helje, mar dan moat der wol in discounter by wêze.

Neffens it bestimmingsplan mei der lykwols gjin supermerken bûten it sintrum bykomme en de ried is net fan doel om in útsûndering te meitsjen. Agrifirm wurket al seis jier oan de ûntwikkeling fan it Wilhelminaterrein.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)