Gjin sûnensgefaar troch asbest

16 apr 2009 - 13:51
  • Asbestplaten wiene net gefaarlik

Foar de meiwurkers fan ekopark De Wierde yn Aldehaske hat gjin gefaar foar de sûnens troch asbest west. Woansdei waard de ôffalferwurking stillein nei't asbestplaten fûn wiene tusken it smoargens op de rinnende bân. De hal is fuortdalik ûntromme.

In spesjalisearre bedriuw hat luchtmeunsters naam om te ûndersykjen oft der ek skealike asbestdieltsjes yn de lucht hongen, mar dat blykt net it gefal te wêzen. It bedriuw is tongersdei wer opstart.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)