Gjin súkses foar ynternetakademy

21 des 2000 - 18:28

It út ein setten fan de ynternetakademy yn Ljouwert is útsteld oant ein febrewaris. Der hawwe har mar fiif ynteressearren oanmeld.

By de presintaasje fan de plannen fjouwer moanne lyn tocht de NHL dat de akademy hûnderten kursisten lûke soe. De akademy wol ûndernimmers leare hoe't se ynternet brûke kinne om har produkten te ferkeapjen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)