Gjin súkses fjouwermansbob

10 jan 2010 - 15:58

Sybren Jansma is snein yn Königssee mei de fjouwermansbob yn 'e efterhoede einige. Mei kopman Edwin van Calker, Arnold van Calker en Thimothy Beck waard it 13de plak behelle.

De fjouwer Nederlanners hiene in efterstân fan 1.01 sekonden op de Dútske bob fan Andre Lange. Jansma en syn maten hellen earder de Olympyske Spelen al foar de fjouwermansbob. Sneon helle Jansma boppedat noch in tikket foar Vancouver mei de twamansbob mei Edwin van Calker.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)