Gjin subsydzje jonge boeren

03 okt 2007 - 20:54

Jonge boeren yn Fryslân fiere aksje foar stipe fan de provinsje by de oername fan in boerebedriuw. Boeren dy't it bedriuw fan harren heit en mem oernimme ha it al faak dreech om de finânsjes dêrfoar rûn te krijen. Om nei de oername dan ek noch te ynfestearjen is hast ûnmooglik.

Foar de tredde kear is in subsydzje-oanfraach fan de feriening Agraryske Jongeren Fryslân ôfwiisd troch de provinsje.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)