Gjin subsydzje, gjin Duende?

09 nov 2003 - 00:00

Der komt nei hast tweintich jier mooglik in ein oan dûnsgroep Duende. Artistyk lieder Grietine Molenbuur fan Drachten wol der mei ophâlde as der gjin provinsjale subsydzje komt. Molenbuur sei dat snein yn it kultuerprogramma De Koperen Tún op Omrop Fryslân Radio.

Al sûnt de oprjochting yn 1984 wurket Duende sûnder oerheidsstipe, mar dat kin no net mear út. Molenbuur hat dêrom 25.000 euro subsydzje oanfrege.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)