'Gjin striid yn ljeppersbûn'

16 apr 2012 - 23:09

Der is gjin rjochtingestriid binnen it Frysk Ljeppers Boun. Dat hawwe alle belutsenen moandeitejûn ferklearre op de algemiene ledegearkomste fan it bûn. Moandei waard earder bekend dat foarsitter Roorda en skriuwer Helmholt opstappe. Se soene spul hawwe oer de modernisearring fan it ljeppen. Wat der krekt oan de hân is, wolle beide manlju net sizze.

Ynterim-foarsitter Pieter Bult hat no de opdracht krigen sa gau as mooglik in nije foarsitter en skriuwer te finen. Hy tinkt dêr trije wike foar nedich te hawwen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)