Gjin straf foar bommemakker

12 maaie 2010 - 14:59

De Hylper dy't mei in selsmakke bom besykje woe fisken te fangen, krijt gjin straf. Hy stapte mei de bom by in freon yn de auto, dy woe dat ding net. Doe't de Hylper utstapte en besocht de bom te demontearjen, ûntplofte de boel. De eask wie 240 oeren wurkstraf.

Neffens de offisier brocht er oaren yn gefaar. De rjochter seit dat er fral himsels yn gefaar brocht. Ek is er straft foar de rest fan syn libben, om't er man de hân en in pear fingers misse moat.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)