Gjin stoflike resten Koudum

13 sep 2013 - 17:26

It ûndersyk by Koudum nei it stoflik omskot fan in fermiste persoan út de Twadde Wrâldoarloch is stopset. Neffens de gemeente Súdwest-Fryslân binne der gjin resten fûn.

Nije wike wurdt der besletten hoe't it ûndersyk fierder giet. Der waard socht nei it lichem fan in ferrieder, dy't troch it ferset yn de lêste oarlochswinter deasketten wêze soe.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)