Gjin stipe mear foar COS

03 sep 2003 - 00:00

De gemeente Ljouwert skrast de subsydzje foar it COS-Fryslân, it sintrum foar ûntwikkelingsgearwurking. Mei elkoar giet it om in bedrach fan 20.000 euro. De subsydzje foar it antydiskriminaasje-buro, dat gearwurket mei it COS, bliuwt foarearst bestean.

Neffens direkteur De Jong fan it COS komme de besunigings hurd oan. Neffens him hoecht der foarearst net snijd te wurden yn de organisaasje fan it COS en it antydiskriminaasjeburo.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)