Gjin stipe EZ foar skipsbou

16 mrt 2004 - 00:00

Minister Brinkhorst fan ekonomyske saken hat gjin jild om de skipsbou yn it Noarden te stypjen. Dat sei de minister tiisdei yn it frage-oerke fan de Twadde Keamer. De Europeeske Uny joech ferline wike tastimming foar subsydzjes oan de skipsbou.

Brinkhorst wol hjir net oan meidwaan, mar ferskate Twadde Keamerleden binne it dêr net mei iens. Brinkhorst jout ta dat syn opstelling banen kostje kin yn benammen Noard-Nederlân.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)