Gjin stimwizer yn SW-Fryslân

07 mrt 2014 - 15:34

Kiezers yn de gemeente Súdwest-Fryslân kinne dizze kear net meidwaan oan de stimwizer. Sawol it CDA as de PvdA en de VVD hawwe wegere de fragelisten yn te foljen. Sy fine dat de fragen yn de stimwizer gjin rjocht dogge oan de stânpunten fan de partijen. Ek is it faak sa dat ien dy't oan de stimwizer meidocht op in folslein oare partij útkomt as ferwachte wie. Sûnder it meidwaan fan de trije koalysjepartijen yn Súdwest-Fryslân kin der gjin realistyske stimwizer komme.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)