Gjin stimkaarten Noarderbleek

19 mrt 2014 - 10:58
  • Stimkaarten tuskentiidske gemeenteriedsferkiezings

Yn de gemeente Frjentsjerteradiel ha fjirtich persoanen net in stimkaart krigen of is hy fuortrekke. Opfallend is dat tsien fan de minsken dy't problemen ha op de Noorderbleek yn Frjentsjer wenje. De gemeente tinkt net dat it om in besoargingsprobleem giet. Bewenners koene foar tiisdeitemiddei 12.00 oere in ferfangende stimkaart oanfreegje. Twa persoanen ha te let reageard, wêrfan't ien op de Noorderbleek wennet. Sy kinne no net stimme.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)