Gjin Steppe tsjin Graafschap

16 sep 2010 - 12:16
  • Kenny Steppe

Kevin Stuhr Ellegaard stiet freed yn de goal fan SC Hearrenfean yn de westryd tsjin De Graafschap. Trainer Ron Jans jout oan him de foarkar boppe Kenny Steppe dy't oant no ta alle wedstriden keepte. De 27-jierrige Ellegaard kaam yn augustus oer fan Randers FC út Denemarken.

Roy Beerens is freed ôfwêzich fanwege in blessuere. Hy wurdt ferfongen troch Tarik Elyounoussi. Philip Djuricic krijt syn basisplak werom op it middenfjild ten koste fan Viktor Elm.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)