'Gjin stek op dyk Sibrandahûs'

27 mrt 2011 - 10:19

It CDA yn de Dantumadiel is gjin foarstanner fan ferkearsmaatregels dy't de gemeente nimme wol by Sibrandahûs. Dantumadiel wol in stek delsette op de Burdaarderstrjitwei, omdat oer dy dyk in soad slûpferkear komt, dat him faak ek net oan de maksimumsnelheid hâldt.

Ferkear fan Dokkum nei Burdaard moat tenei in eintsje omride oer de âlde Trekwei. Dêr kuierje en fytse in soad minsken en dêrom is dy dyk neffens it CDA minder geskikt foar in soad auto's.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)