Gjin stânbyld en segel Havank

30 aug 2003 - 00:00

Der komt gjin stânbyld fan de ferneamde detektiveskriuwer Havank yn Ljouwert. De jubileumkommisje fan de Havankstifting woe graach sa'n byld om't it takom jier in ieu lyn is dat de Ljouwerter skriuwer berne waard.

De gemeente Ljouwert hat it fersyk fan de kommisje wegere. Neffens kommisjelid Tiekstra is dat in grutte teloarstelling. Ek komt der gjin spesjale postsegel fan Havank. Dat hat TPG witte litten.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)