Gjin sprongen om nuvere twirre

31 jul 2002 - 00:00

Parasjutespringe boppe Flylân gie woansdei net troch. Trettjin springers kamen tiisdeitejûn yn de Noardsee telâne, nei't se út it fleantúch fan Texel ôf sprongen wienen.

It waar like wol goed, mar der kaam in nuvere twirre. It slagge de parasjutisten net om rjochting lân te stjoeren. Kustwacht en rêdingsboaten ha de minsken út it wetter oppikt.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)