Gjin sprake fan radikalisearring op Friesland College

19 nov 2015 - 20:14

It Friesland College hat noch gjin gefallen fan soarchlike radikalisearring fan in studint meimakke. Wol is der nei ien gefal ûndersyk dien mar achterôf foel dat ta. Dat seit Jan Dijksma, direkteur marketing en komminikaasje fan it Friesland College yn reaksje op in oprop fan de MBO-rie om alert te wêzen op radikalisearjende studinten.

Neffens Dijksma is it wol saak om goed mei de studinten yn petear te bliuwen en se goed te observearjen. Want radikalisearring kin oeral de kop opstekke.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)