Gjin spoar ynbrekkers Harns

25 sep 2012 - 14:59
  • By de ynbraak waard ûnder oare dit horloazje stellen

De plysje hat noch hieltiid gjin spoar fan de ynbrekkers dy't in moanne lyn yn Harns ynbrutsen by in 88-jierrige frou, dy't dêrnei ferstoar fan de skrik. De ynbrekkers kamen binnen mei de kaai út it klúske neist de doar foar meiwurkers fan de thússoarch.

De sieraden dy't stellen waarden, binne deselde wike toand yn Opsporing Verzocht, mar dêr kaam oant no ta gjin inkelde reaksje op.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)