Gjin spoar mear fan otters

17 jan 2003 - 00:00

Fyf fan de fyftjin útsette otters binne kwyt. De bisten binne ferline jier útset yn de Weerribben en mei in stjoerder soenen se folge wurde. De ûndersikers fan it lânbouministearje ûntfange fan fiif bisten gjin sinjaal mear.

Nei alle gedachten libje de otters noch wol. Neffens de ûndersikers ha se net te lijen hân fan de kjeld. Mooglik binne se te fier fan it natuergebiet ôf om noch sinjalen op fange te kinnen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)