Gjin spoar fernielers Appelskea

15 feb 2006 - 16:18

De plysje hat noch hieltyd gjin spoar fan de minsken dy't yn it wykein yn Appelskea foar tûzenen euro's oan skea oprjochte ha. Der waarden ûnder oare ruten ynsmiten, auto's fernield en túnmeubels stikkenmakke.

De plysje hat meardere tsjûgen heard, mar dat hat noch neat opsmiten. Minsken dy't noch gjin oanjefte dien ha fan fernielerij, wurdt frege dat noch wol te dwaan. Tsjûgen wurdt ek frege om har te melden.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)