Gjin spilers H'fean yn basis

31 jul 2008 - 11:13
  • Gerald Sibon (foto: Martin de Jong)

By de earste wedstriid fan it Olympysk alvetal op de Spelen steane der nei alle gedachten gjin spilers fan Hearrenfean yn de basis. Bûnskoach Foppe_de_Haan hat trochskimerje litten dat hy foar Roy Makaay en Ryan Babel yn de oanfal kiest. Dat giet ten koste fan Gerald_Sibon.

Ek Roy_Beerens en Calvin_Jong-A-Pin hearre foarearst net ta it basisteam fan Foppe de Haan. Sy foelen woansdei yn by de wedstriid tsjin Kameroen, dy't mei 2-0 wûn waard troch Oranje.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)