Gjin sparlean by Fryslân Bank

18 nov 2011 - 16:38

De iepening fan in sparleanrekken by de Friesland Bank is net mear mooglik. Troch de grutte belangstelling kinne se net alles mear behannelje. Om't de regeling ein dit jier ophâldt, binne der in hiel soad minsken dy't op it lêste momint noch ynstappe wolle. Want troch mei te dwaan oan it sparlean kinne je yn koarte tiid 200 euro fertsjinje mei fiskaal foardiel. Banken ha it smoardrok mei dy oanfragen.

De Friesland Bank hat in moanne lyn syn klanten al trochjûn dat se op 'e tiid wêze moasten mei de oanfraach foar de rekken.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)