Gjin spanning by Jeu de Pelote

17 jun 2003 - 00:00

De twadde jûn fan it Iepen Frysk Kampioenskip Jeu de Pelote yn Easterlittens wie tiisdei net al te spannend. Reahûn-Turns ferlear mei 8-2 fan Goaiingea. Easterlittens weefde mei 8-0 ôf mei Mantgum.

Woansdei wurdt de lêste partij fan 'e earste list spile: Wytmarsum moat it opnimme tsjin Wiuwert. Dan is ek de earste partij fan 'e twadde list: Arum tsjin Weidum. De lokaasje is fansels op 'e nij it plein fan Easterlittens.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)