Gjin snobbersguod foar bern by gemeentehûs Ljouwert

11 nov 2014 - 20:05

In groep fan sa'n 30 bern mei harren âlden binne tiisdeitejûn teloarsteld fuortstjoerd by it gemeentehûs yn Ljouwert. Se wiene dêr mei lampionnen om te sjongen foar Sint Maarten. Neffens guon âlden is it tradysje om ek by it gemeentehûs del te gean en krije de bern dêr snobbersguod. Mar de boade wist fan neat en der wie gjin snobbersguod oanwêzich.

In wurdfierder fan de gemeente seit dat de oanwêzige meiwurkers noch nei snobbersguod socht ha, mar dat der neat wie. Se seit ek neat te witten fan in tradysje.

Ferline jier wie der by tafal op it gemeentehûs snobbersguod oanwêzich yn ferbân mei in berne-aktiviteit dy't middeis hâlden wie.

Wethâlder Thea Koster hat yntusken fia twitter de bern útnoege om harren op in woansdeitemiddei op it stedhûs te melden. Se fynt it sneu foar de bern en sil se traktearje op limonade mei wat lekkers.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)