Gjin sneltsjinsten Flylân

21 jan 2012 - 12:11

Yn ferbân mei de hurde wyn fart de snelboat fan Flylân dit wykein net. De boat fan healwei seizen nei Flylân sneontemiddei fart net. Yn plak dêrfan fart der om fjouwer oere in ekstra gewoane fearboat, fanwege it hege wetter is dat earder as gewoanwei.

Ek de snelboat fan sneintemoarn 10.40 oere fan Harns nei Flylân fart net. Dêrfoar yn it plak wurdt gjin ekstra fearboat ynset. Ek de oare sneltsjinsten tusken Flylân en Skylge en werom nei Harns ferfalle.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)