Gjin sneltsjinst nei Flylân

30 jan 2013 - 08:07

Rederij Doeksen lit de sneltsjinst fan Harns fia Skylge nei Flylân woansdeitejûn ferfalle. Dat wurdt dien fanwege de hurde wyn. Yn stee fan de flugge boat fart der no in gewoane boat, mar op oare tiden. Fanwege de ferwachte hege wetterstân fart de boat fan Flylân nei Harns al om 16.00 oere, dy fan Harns nei Flylân om 17.30. Fanwege it hege wetter wurdt autobesitters op Skylge ôfret har auto by de haven te parkearjen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)