Gjin sneltrein Ljouwert-Meppel

12 nov 2010 - 19:16

Der wurdt dit wykein wurke oan it stik spoar tusken Meppel en Zwolle. Der ride dêrom op it trajekt gjin treinen mar bussen. As gefolch hjirfan ride der gjin sneltreinen mar stoptreinen tusken Meppel en Ljouwert. Ek tusken Meppel en Grins wurde allinne stoptreinen ynset.

Troch it ferfallen fan de sneltreinen duorret de reis tusken Meppel en Ljouwert, en ek oarsom, sa'n fiif minuten langer.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)