Gjin snelrjocht âldjiers-saken

02 jan 2012 - 09:50

By de rjochtbank fan Ljouwert wurdt dit jier gjin spesjale snelrjochtsitting hâlden foar minsken dy't har by de jierwiksel misdroegen ha. By sa'n sitting wurde ienfâldige saken oan de rjochter foarlein, sadat dy sa gau mooglik ôfhannele binne. Freed soe der in spesjale sitting wêze, mar der binne net foldwaande saken dy't har dêrfoar liene - der moatte bygelyks mear minsken heard wurde om it ûndersyk foar freed klear te hawwen.

Yn Fryslân waarden mei âld en nij 44 minsken oanhâlden. Alle âld en nij-saken sille no op 16 maart ôfhannele wurde troch de rjochtbank.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)