Gjin smokerij yn doarpshuzen

30 aug 2004 - 17:35

Doarpshuzen ha neat te klagen as it giet om it strange smookbelied dat dit jier ynsteld is. Dat skriuwt minister Hoogervorst fan Folkssûnens yn in brief oan de stifting doarshuzen Fryslân.

Eins mocht der neffens de tabakswet al sûnt 1990 net mear smookt wurde yn de doarpshuzen, sa seit de minister. Hy sjocht dan ek neat yn in fersoepeling fan de regels. De doarpshuzen hiene dêrom frege om't der yn de horeka noch wol hieltiten smookt wurde mei.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)