Gjin SKS op Langwarder Wielen

26 jan 2010 - 23:00

It SKS bestjoer sil net tastean dat SKS skippers meidogge oan in sylwedstryd op de Langwarder Wielen. In gelegenheidskomitee út Langwar hat op 17 en 18 april in wedstriid útskreaun foar 14 skûtsjes. Sân skippen fan de SKS tsjin sân fan de IFKS.

De wedstryd sil profesjoneel oanpakt wurde. It evenemint hat foarich jier ek plakfûn en dat wie doe in grut sukses. Der wie lykwols gjin tastimming frege oan de SKS.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)