Gjin skorsing plan Prikkedaam

08 aug 2013 - 19:04

De Ried fan Steat hat tongersdei it fersyk om it bestimmingsplan fan motorcrossbaan Prikkedaam yn Makkingea te skorsen, ôfwiisd. Yn in spoedproseduere fregen bewenners fan it buorskip Twijtel om fierder ûndersyk nei de lûdsoerlêst dy't feroarsake wurde soe troch de minycrossbaan oan de súdkant fan it terrein. Neffens harren soe dat oer de wetlik tastiene grinzen gean.

De Ried fan Steat konkludearret lykwols dat der gjin sprake is fan te folle leven. Boppedat foldocht de crossbaan oan de miljeufergunnings.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)