Gjin skorsing Finnbogason

23 apr 2013 - 10:34
  • Alfred Finnbogason

Alfred Finnbogason kin freed tsjin AZ gewoan meidwaan. It KNVB hat beslettten it neitraapjen fan de oanfaller yn de wedstriid tsjin Ajax ûnbestraft te litten.

Finnbogason hie it yn de Amsterdam Arena oan de stok mei Christian Poulsen en trape nei rjochting de middenfjilder. It ynsidint waard net sjoen troch skiedsrjochter Serdar Gözübüyük. De oanklager betelle fuotbal begûn in foarûndersyk, mar hat no witte litten Finnbogason net te skorsen omdat der te min bewiis is.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)