Gjin skoft mear foar brêgewipper

05 apr 2006 - 16:47

Brêgewippers op de brêgen oer it Prinses Margrietkanaal ha dizze simmer op snein gjin middeisskoft mear. De provinsje wreidet de betsjinningstiden út om't it yn de simmermoannen te drok is op it wetter. Dertroch ûntstiet neffens de provinsje in gefaarlike sitewaasje.

It giet om de brêgen by Spannenburch, Twellegea en Ald Skou. De maatregel stiet neffens deputearre Baas los fan de diskusje oer de betsjinningstiden.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)