Gjin 'skoallefeest' mear

02 jan 2007 - 20:43

De gemeente Smellingerlân en de eigner fan diskoteken Jennifeu en Malibu yn Drachten hawwe ôfspraken makke oer it brûken fan de namme 'skoallefeest'. Boargemaster Middel fynt dy namme misliedend omdat skoallen neat mei it feest te krijen ha.

Eigner Boxum fan de diskoteken hat tasein de namme net mear te brûken. Middel sil yn ruil dêrfoar wat mylder wêze foar de hoareka yn syn gemeente.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)