Gjin skeafergoeding winkeliers

06 jun 2003 - 00:00

De winkeliers fan Droegeham, De Harkema en Kootstertille krije gjin sinten fan de gemeente. De winkeliersferiening fan de trije doarpen woe skeafergoeding ha om't de dyk N369 sân moanne ticht giet. De winkels binne dan net goed te berikken en de omset sil weromrinne.

De ûndernimmers sille de gefolgen no goed yn 'e gaten hâlde. As de skea te grut wurdt, tinke se der oer om nei de rjochter te stappen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)