Gjin skeafergoeding foar groep mei Fryske filmprodusint

04 mrt 2016 - 17:33

De Steat fynt net dat se oanspraaklik is foar de skea dy't de filmsektor oprûn hat troch yllegaal downloaden. Nederlânske filmprodusinten, ûnder wa ek de Fryske produsint Klaas de Jong, easken ferline moanne in skeafergoeding fan it Ryk fan rom 1 miljard euro. Se sizze dat se dat bedrach misrûn binne troch yllegale downloads. Hjir hâlde se de Steat mei ferantwurdlik foar.

Neffens minister Van der Steur fan Feiligens en Justysje hawwe rjochthawwers op dit stuit al genôch mooglikheden om op te treden tsjin it misbrûken fan it auteursrjocht. De minister wol ynkoarten mei de filmyndustry om tafel om te praten oer foarljochting en it hanthavenjen fan it auteursrjocht.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)