"Gjin skalygas út Fryslân"

29 aug 2013 - 15:52
  • Gaswinning

Der moat hoe dan ek gjin skalygas wûn wurde yn de provinsje Fryslân. Dat seit deputearre Sietske Poepjes. Dizze wike die bliken dat minister Kamp fan Ekonomyske Saken begjinne wol mei proefboarrings. Nederlân soe in soad fertsjinje kinne mei skalygas.

Deputearre Poepjes fynt dit gjin goed plan om't noch lang net dúdlik is hokker gefolgen it hat foar it miljeu en de feiligens, sa seit se. Boppedat wurdt op dit stuit al mear as genôch út de Fryske grûn wûn, lykas de sâlt- en gaswinning.

Formeel kin allinnich minister Kamp in beslút nimme oer de winning fan skalygas. Mar Poepjes seit dat se him wol goed dúdlik meitsje sil dat de provinsje tsjin de boarrings is.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)