Gjin skaal foar UNIS Flyers

05 okt 2014 - 17:12

De iishockeyers fan de UNIS Flyers binne der snein net yn slagge de Ron Berteling skaal te pakken. Ek de twadde wedstriid tsjin Destil Trappers Tilburg waard ferlern mei 3-2. Sneontejûn ferlearen de Flyers op eigen iis al mei 4-2. Dêrmei gong de supercup fan it iishockey mei 7-4 nei de Brabanners.

Yn Tilburg iepene Levi Houkes snein de skoare. Yn de slotsekonden fan de earste perioade kaam Tilburg op 1-1. Yn de twadde perioade naam de thúsploech de lieding oer wêrnei't se yn de tredde perioade de 3-1 makken. Houkes tekene foar de einstân.

Sneon 11 oktober spylje de iishockeyers fan UNIS Flyers op eigen iis harren earste bekerwedstriid tsjin LACO Eaters Limburg.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)