Gjin selstraf speedboatsaak

14 des 2010 - 16:04

De twa manlju dy't twa jier lyn belutsen wiene by it speedboatûngelok ûnder Grou, hoege net mear de sel yn. Dat hat it gerjochtshôf yn Ljouwert bepaald yn it heger berop. Yn juny 2008 klapte de speedboat op in frachtskip. In 42-jierrige man út Jellum kaam dêrby om it libben. Twa wike ferlyn easke it Iepenbier Ministearje noch selstraffen fan 21 en 15 moannen. It gerjochtshôf fynt in finzenisstraf net nedich omdat der gjin opset yn it spul wie.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)