Gjin sel foar ferwaarleazing

21 jan 2005 - 09:43

In ynwenner (73) fan Nes by Akkrum hoecht net yn de sel fanwege it ferwaarleazjen fan syn hynders en pony's. Twa jier lyn waarden 37 bisten yn beslach naam. De rjochter feroardiele de man ta in selstraf en in boete fan 3000 euro. Yn heger berop is er tongersdei frijsprutsen.

It Hôf fûn dat de Ynspeksjetsjinst it proses-ferbaal yn de saak te let opmakke hat. De tsjinst soe de saak dêrom net helder mear foar eagen hân ha.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)