'Gjin seksfragen mei 13 jier'

18 feb 2014 - 15:04

De GGD yn Fryslân makket net gebrûk fan de kontroversjele fragelisten mei fragen oer seksualiteit. Dit yn tsjinstelling ta oare GGD's. Organisaasjes fan âlden binne skokt oer de eksplisite fragen dy't oan twaddeklassers op de middelbiere skoalle stelt wurde. 13-jierrigen moatte bygelyks oanjaan oft se seks hân ha en hoe âld se wiene by de earste kear.

Neffens Gerda Kalsbeek fan GGD Fryslân wurde soksoarte fragen wol oan 15-jierrigen steld. De GGD stelt in soad fragen oan de jongerein om sa te witten te kommen hoe sûn oft se libje.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)