Gjin sâltwinning by Slappeterp

18 feb 2014 - 19:23
  • Frisia Sâlt

Frisia Sâlt lûkt de oanfraach foar de fergunning foar sâltwinning yn de put East/Slappeterp yn. Dat hat it bedriuw moandei bekend makke. Earder ûntstie opskuor oer dizze fergunningsoanfraach om't de provinsje ôfspraken mei Frisia makke hie om de winning fan sâlt ûnder lân stop te setten. Yn ruil dêrfoar wurdt Frisia troch de provinsje stipe by de oanfraach foar winning ûnder de Waadsee.

Direkteur Van Tuinen fan Frisia woe earst wachtsje op dizze fergunning foardat de lânwinning stopsetten waard, mar seit no dat er der wol fertrouwen yn hat.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)