Sâltwinning op lân hâldt op

09 okt 2013 - 15:37
  • Struisâlt by Frisia Zout yn Harns

Frisia Sâlt yn Harns hâldt op mei de sâltwinning op it lân. Fan 2016 ôf sil it bedriuw hieltyd minder sâlt winne op it lân. Yn 2021 moat de lânwinning dan hielendal foarby wêze. Dat hat it bedriuw woansdei bekend makke.

It sâltfabryk sil de kommende jierren oergean nei 100% sâltwinning út de Waadseeboaiem. It bedriuw wol dêr yn 2015 mei begjinne. Fan it eigen terrein yn Harns ôf sil Frisia skean boarje ûnder de Waadsee. Dêr sit op 3 kilometer in sâltlaach fan 700 meter djip. Frisia kin dêr wis oan it jier 2036 ta mei foarút.

De fergunningoanfraach foar it winnen fan sâlt út de boaiem fan de Waadsee wurdt noch dizze wike publisearre. Partikulieren en organisaasjes kinne dan beswier meitsje, as se dêr oanlieding ta sjogge. Der is letter dizze moanne ek noch in harksit by Frisia sels oer de plannen om oer te gean nei sâltwinning op see. De skea oan de seeboaiem sil geweldich tafalle, seit Frisia, omdat de natoer dat sels wer oanfolt.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)