"Gjin sâltwinning op it Bilt"

31 jan 2008 - 21:51
  • Esco-Frisia Zout bv hat by it ministearje in fergunning oanfrege foar it winnen fan sâlt

Der mei gjin sâlt wûn wurde op it Bilt. Dat skriuwe b en w fan dy gemeente oan it ministearje fan Ekonomyske Saken.

It sâltfabryk Esco-Frisia Zout bv hat by it ministearje in fergunning oanfrege foar it winnen fan sâlt yn Noardwest-Fryslân. It Bilt hat dêr net folle oer te sizzen, mar de gemeente wol wol syn soarch uterje. B en w binne benaud foar boaiemdelgong en fersteuring fan de wetterhûshâlding.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)