Gjin rykssubsydzje Tryater

10 jun 2011 - 16:27
  • De protesten yn Den Haach hawwe net holpen

It ryk is net ree om yn de nije kultuernota in aparte posysje yn te romjen foar it Fryske toanielselskip Tryater. Yn de freed presintearre kultuernota fan steatssekretaris Halbe Zijlstra komt Tryater net mear yn de basisstruktuer foar en dat bestjut dat it Fryske toanielsselskip gjin fêste fergoeding mear krijt. Se moatte mar op basis fan ynsidintele fergoedings fierder.

Neffens foarsitter Bearn Bilker betsjut dit de ein fan Tryater.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)